De Bêste Skoalle Fan 2012-2013!

Winner ‘Bêste Skoalle fan Fryslân’ bekend!

Heech bliuwt Warkum en Reitsum foar!

Nei in spannende stimwike is der by it begjinnen fan de fakânsje bekend wurden wa’t de winner wurden is fan de Fryske lietsjes- en klipwedstryd ‘Dé Bêste Skoalle fan Fryslân’. Fan de 27 dielnimmende skoallen gong de de striid úteinlik tusken It Finster út Warkum, De Flieterpen út Reitsum, en de St. Joazefskoalle út Heech. Fan dizze skoallen luts Heech yn de finale oan it langste ein.

IMG_5404
In projekt ‘De Bêste Skoalle fan’ is yn febrewaris fan start gong mei ferskate foarstellingen fan muzyk- en teatergroep Frets! De leden fan Frets! hawwe úteinlik op 27 skoallen in prachtige Fryske muzykshow jûn oan de learlingen fan de boppebou. Dizze foarstelling soarge foar in soad wille en wie foar de bern oanlieding om sels oan de slach te gean. Oan de hân fan in lesbrief hawwe de dielnimmende skoallen in eigen lietsje makke op in besteande melody. Hjirfan hawwe tsien skoallen in klip fan opnaam dy’t troch in sjuery beoardield binne.
 

X